28 mei Jubileumfeest korfbalvereniging DTG DTG bestiet 75 jier, âldste korfbalferiening yn de Súdwesthoeke. Yn it ûnstjerlik ferline telde de Súdwesthoeke fan Fryslân tal fan korfbalferienings: fan Follega oant Tsjerkgaast, fan Balk oant Aldemirdum. Dat oantal is bot ôfnaam. Der binne noch mar trij...
Lees meer28 mei Jubileumfeest korfbalvereniging DTG
DTG bestiet 75 jier, âldste korfbalferiening yn de Súdwesthoeke. Yn it ûnstjerlik ferline telde de Súdwesthoeke fan Fryslân tal fan korfbalferienings: fan Follega oant Tsjerkgaast, fan Balk oant Aldemirdum. Dat oantal is bot ôfnaam. Der binne noch mar trije oer: DTG yn Wyckel en de klus yn Harich en op 'e Lemmer. DTG nimt dêr in seldsum plak yn.
DTG spilet sels yn de twadde klasse fan de lanlike federaasje, in nivo dat yn dy 75 jier noch nea helle is. DTG koesteret it ferline, mar stiet stevich yn 'e moderne tiid. De útdagings fan 2022 wurde adekwaat oanpakt en trochjûn.
Binne jo der op 28 maaie? We ha in prachtich programma, sjoch ek ús webside en Facebook.
It feest is op it korfbalfjild en begjint om 13.30 oere mei kofje en gebak. Nei in sport- en spultsjemiddei ite wy tegearre. Freark Smink en Grytz & Grize soargje tegearre mei Jeroen van Casteren foar it jûnsprogramma. (kosten € 20 en <16 jier € 10)
Opjefte troch in mail nei secretarisdtg@gmail.com foar 20 maaie.
za 28 mei 2022 | : 13:30 - 24:00 |
---|
Volwassenen | : € 20.00 |
---|---|
Kinderen | : Gratis (t/m 5 jaar) |
Kinderen | : € 10.00 (6 t/m 16 jaar ) |
Korfbalvereniging DTG
Meerenstein 1
8563 AV WIJCKEL
https://www.kvdtg.nl/
secretarisdtg@gmail.com