Echt wier!

19 november, Theater Sense in DOKKUM

Inloggen

Log in om je favoriete evenementen en gekochte tickets op te slaan in je VanPlan account.

Registreren VanPlan

Nog geen account? Maak je VanPlan account aan

Account aanmaken
Ga terug naar de homepagina

As je lang byelkoar binne, dan falt der wolris in stilte. In stilte dy’t hieltyd langer duorret, omdat it measte al sein en ferteld is. Mar as de relaasjeterapeut dan wol, dat je ferplicht in oerke deis mei elkoar prate, dan dogge je dat, dan geane je der foar sitten. Dan komme de ferhalen, miskie...

Lees meer

As je lang byelkoar binne, dan falt der wolris in stilte. In stilte dy’t hieltyd langer duorret, omdat it measte al sein en ferteld is.

Mar as de relaasjeterapeut dan wol, dat je ferplicht in oerke deis mei elkoar prate, dan dogge je dat, dan geane je der foar sitten. Dan komme de ferhalen, miskien sels wol de geheimen, noch noait earder ferteld. Dan lokket it ien it oare út en dan docht ek bliken dat hoe lang je ek byelkoar binne net alles sein en ferteld is.

Echt Wier! is in foarstelling mei ferhalen en anekdotes oer deistige saken, oer trou en iensumheid, oer opromje en bewarje, oer sliepe en wekker lizze, oer waar en wyn, oer doe, oer no, oer aanst.

Jan Arendz en Marijke Geertsma ferbrekke de stilte, fertelle ferhalen en spylje scènes, komysk en út it libben sels. In nij oarspronklik Frysk toanielstik fan Bonne Stienstra. Mei as spesiale gast Frâns Faber, tekenaar, ylustrator en muzikant.

Yn de rezjy fan Bruun Kuijt.

Lees minder

Links

Data en tijden

za 19 november 2022 : vanaf 20:15

Toelichting: verplaatst van 12 februari 2022

Prijzen

Volwassenen : € 22.00

Waar is het?

Theater Sense
Hogedyken 18-2
9101 WV DOKKUM

€ 22,00