Fryske Krite De Jouwer - Inkele Reis

19 november t/m 26 november, Party- Zalencentrum 't Haske in JOURE

Inloggen

Log in om je favoriete evenementen en gekochte tickets op te slaan in je VanPlan account.

Registreren VanPlan

Nog geen account? Maak je VanPlan account aan

Account aanmaken
Ga terug naar de homepagina

Yn novimber spylje wy in Fryske premjêre, ‘Inkele Reis’ fan Lex Passchier, oerset troch Gurbe Dijkstra. Earder yn it Nederlânsk spile troch Wieteke van Dort, Trudy Labij, Bram van der Vlugt en Florence Vos Weeda. Troch corona kamen dy foarstellingen stil te lizzen en yn desimber 2020 ferstoar Bram,...

Lees meer

Yn novimber spylje wy in Fryske premjêre, ‘Inkele Reis’ fan Lex Passchier, oerset troch Gurbe Dijkstra.

Earder yn it Nederlânsk spile troch Wieteke van Dort, Trudy Labij, Bram van der Vlugt en Florence Vos Weeda. Troch corona kamen dy foarstellingen stil te lizzen en yn desimber 2020 ferstoar Bram, sadat oan de rige fan foarstellingen in abrupt ein kaam. Mar it is no dus yn it Frysk te sjen op de Jouwer.

It stik giet oer twa âldere froulju, sis mar ‘dames op leeftiid’, se sjogge in inkele reis nei in âldereintehûs as it alderslimste dat harren oerkomme kin. Se wolle sis mar de saneamde ‘fysike ôftakeling’ leaver net meimeitsje. Dêrom sykje se om in oplossing en se tinke dat se dy fûn ha. In eksintrike ‘hear’ komt del om harren te helpen by ‘de lêste winsk’. Wat dy lêste winsk is, moatte jim sels mar útfine by ús foarstellingen, mar toaniel soe gjin toaniel wêze as alles fan in laaien dakje rinne soe, dat ha jim grif wol troch.

Lees minder

Links

Data en tijden

za 19 november 2022 : 20:00 - 22:30

Prijzen

Volwassenen : € 12.50
Kinderen : Gratis (t/m 12 jaar)
Kinderen : € 6.25 (13 t/m 17 jaar )

Toelichting: leden kinne fergees nei de foarstelling.

Waar is het?

Party- Zalencentrum 't Haske
Vegelinsweg 20
8501 BA JOURE
0513 415281
www.haske-joure.nl
info@haske-joure.nl