Iepenloftspul Donryp - Wraak & Gewisse, de fusillade op 'e ryp

17 juni t/m 2 juli, Terrein oan 'e Haven in DRONRYP

Inloggen

Log in om je favoriete evenementen en gekochte tickets op te slaan in je VanPlan account.

Registreren VanPlan

Nog geen account? Maak je VanPlan account aan

Account aanmaken
Ga terug naar de homepagina

Dit jier bringt Iepenloftspul Donryp ‘Wraak & Gewisse, de fusillade op ‘e ryp’ op’e planken. In echt Rypster stik! By de brêge yn Dronryp fynt elk jier op 4 maaie in deadbetinking plak. Tichtby dizze brêge stiet it monumint dat in oantinken is oan de fusillade op 11 april 1945. Om dizze oantinken...

Lees meer

Dit jier bringt Iepenloftspul Donryp ‘Wraak & Gewisse, de fusillade op ‘e ryp’ op’e planken. In echt Rypster stik!

By de brêge yn Dronryp fynt elk jier op 4 maaie in deadbetinking plak. Tichtby dizze brêge stiet it monumint dat in oantinken is oan de fusillade op 11 april 1945. Om dizze oantinkens yn libben te hâlden, minsken te ynformearjen en om't it in wichtich barren wie oan it ein fan de Twadde Wrâldoarloch yn de omkriten fan Dronryp, sette Iepenloftspul Dronryp dit stik op 'e planken.

It is in nij stik, 77 jier nei it ein fan de Twadde Wrâldoarloch spilet it ferhaal fan de fusillade by de brêge, him ôf yn it parkje by de Haven yn Dronryp. De rezjy is yn hannen fan Theo Smedes. Skriuwer Dick Jansen hat it ferhaal skreun, Wraak & Gewisse giet oer de gebeurtenissen rûnom de fusillade en is basearre op wier gebeurde ferhalen. Hjirfoar binne argiven en publikaasjes rieplachte en ha der petearen west mei famyljeleden fan de belutsenen.

Yn it ferhaal nimt in pake syn pakesizzer mei yn de ferhalen dy't er wit oer de Twadde Wrâldoarloch. Mei help fan flashbacks folget it publyk de ferhaallinen fan it ferset fan Dronryp, fan de bruorren Wierda (dy't troch de Dútsers nommen binne út pure willekeur, ferkeard plak/ferkearde tiid) en fan de jongelju dy't yn Ljouwert finzen sieten en troch de Dútsers waarden meinommen om eksekutearre te wurden. De eksekúsje wie in represaille foar de sabotaazje troch de Nederlânske kriichsmacht fan it treinferkear tusken Ljouwert en Frjentsjer troch it losmeitsjen fan de rails by de spoarbrêge oer de Bolswardertrekfeart.

Doe't de Dútsers by de brêge yn Dronryp oankamen, fleach in Ingelsk fleantúch oer. De Dútsers rekken yn panyk en út dy pure panyk skeaten se de jongemannen.

Fan de finzenen hat allinnich Gerard de Jong de eksekúsje oerlibbe troch te dwaan as dea. Om't de Dútsers yn panyk wiene en haast hiene om fuort te kommen, hawwe se net kontrolearre oft alle finzenen stoarn wiene.

By de brêge yn Dronryp is in monumint delset ta oantinken oan de slachtoffers. Johannes Marinus Ducaneaux en Oudger van Dijk wurde lykwols fermist, om't se yn diskredyt rekke binne fanwegen (mooglik) gearwurking mei de Dútske besetters.

It stik befettet werkenbere nammen foar de ynwenners fan Dronryp. Yn it doarp wenje noch neikommelingen fan de fersetsleden. De jongere generaasje sil ek nammen werkenne.

Lees minder

Links

Data en tijden

vr 17 juni 2022 : 21:00 - 23:00
za 18 juni 2022 : 21:00 - 23:00
wo 22 juni 2022 : 21:00 - 23:00
vr 24 juni 2022 : 21:00 - 23:00
za 25 juni 2022 : 21:00 - 23:00
wo 29 juni 2022 : 21:00 - 23:00
vr 1 juli 2022 : 21:00 - 23:00
za 2 juli 2022 : 21:00 - 23:00

Prijzen

Volwassenen : € 22.50

Waar is het?

Terrein oan 'e Haven
De Haven 42
9035 BC DRONRYP

€ 22,50