Iepenloftspul Jorwert - De Jacht

3 september t/m 1 oktober, De Notaristun in JORWERT

Inloggen

Log in om je favoriete evenementen en gekochte tickets op te slaan in je VanPlan account.

Registreren VanPlan

Nog geen account? Maak je VanPlan account aan

Account aanmaken
Ga terug naar de homepagina

Openluchtvoorstelling. De Jacht Útslútkultuer op it plattelân Wat bart der as je ûnrjochtlik beskuldige wurde fan misbrûk? Yn it ferhaal fan ‘De Jacht’ feroaret it libben fan Lex yn in nachtmerje as syn buorfamke in seksueel tinte opmerking oer him makket. Wat folget is in sosjaal drama wêrby’t fer...

Lees meer

Openluchtvoorstelling.

De Jacht
Útslútkultuer op it plattelân
Wat bart der as je ûnrjochtlik beskuldige wurde fan misbrûk? Yn it ferhaal fan ‘De Jacht’ feroaret it libben fan Lex yn in nachtmerje as syn buorfamke in seksueel tinte opmerking oer him makket. Wat folget is in sosjaal drama wêrby’t fermoedens útrinne op in agressive útslútkultuer yn it doarp.

‘De Jacht’ is ynspirearre op de suksesfolle Deenske film ‘Jagten’ (2012) fan Thomas Vinterberg. Earder spile Iepenloftspul Jorwert in toanielbewurking fan Vinterberg: yn 2010 makke it stik ‘It feest’ (basearre op de film ‘Festen’) grutte yndruk op it publyk. Wêr’t it by ‘It feest’ om fersteurde famyljebannen gie, besiket Tjerk Kooistra mei ‘De Jacht’ de krêft fan in doarpsmienskip sjen te litten. De dynamyk fan in groep minsken út it doarp is sa sterk dat je as yndividu neat mear yn te bringen hawwe. Mei yn de haadrol Wybo Smids, winner fan ferskate Gouden Gurbes en resint priiswinner fan de Pyt van der Zee-prijs, sil it Iepenloftspul Jorwert ek yn 2022 wer in moaie teäterproduksje wurde.

Yn ‘De Jacht’ is de haadfiguer Lex sûnt in pear jier weromkaam nei syn bertedoarp en wurket dêr as skoalmaster. Sawol yn it doarp as op skoalle is elkenien mâl mei him. Hy is nei in turbulinte tiid einlings wer hielendal lokkich. Oant it momint fan de beskuldiging. Stomslein en fol machteleaze lilkens fernimt Lex hoe’t minsken fol ôfgriis nei him sjogge, oer him prate en geweld tsjin him brûke. It iens sa hechte en freonlike doarp feroaret yn in net te temmen, fijannich meunsterlik bist, en it libben fan Lex yn in hel.

Dêr’t hy earst altyd te jeien gie mei syn bêste maten, wurdt der fan dat momint ôf jacht op hím makke.

Lees minder

Links

Data en tijden

za 3 september 2022 : vanaf 20:30
di 6 september 2022 : vanaf 20:30
wo 7 september 2022 : vanaf 20:30
do 8 september 2022 : vanaf 20:30
vr 9 september 2022 : vanaf 20:30
za 10 september 2022 : vanaf 20:30
di 13 september 2022 : vanaf 20:30
wo 14 september 2022 : vanaf 20:30
do 15 september 2022 : vanaf 20:30
vr 16 september 2022 : vanaf 20:30
za 17 september 2022 : vanaf 20:30
di 20 september 2022 : vanaf 20:30
wo 21 september 2022 : vanaf 20:30
do 22 september 2022 : vanaf 20:30
vr 23 september 2022 : vanaf 20:30
za 24 september 2022 : vanaf 20:30
di 27 september 2022 : vanaf 20:30
wo 28 september 2022 : vanaf 20:30
do 29 september 2022 : vanaf 20:30
vr 30 september 2022 : vanaf 20:30
za 1 oktober 2022 : vanaf 20:30

Prijzen

Normaal Voorverkoop
Volwassenen : € 25.00 € 25.00

Toelichting: Freonen (donateurs) 10% korting op maximaal 10 te bestellen kaarten.

€ 25,00