Oarloch & Boogiewoogie

2 oktober, Podium Lewinski in SNEEK

Inloggen

Log in om je favoriete evenementen en gekochte tickets op te slaan in je VanPlan account.

Registreren VanPlan

Nog geen account? Maak je VanPlan account aan

Account aanmaken
Ga terug naar de homepagina

De skriuwers Elske Schotanus en Hein Jaap Hilarides hâlde in koarte lêzing oer harren wurk. zaterdag 02 oktober 2021 / 15:00 15.00 oere yn Lewinski, Snits (ynrin fan 14.30 oere ôf). Gratis yntree. Oarloch en boogiewoogie mei Elske Schotanus en Hein Jaap Hilarides. De skriuwers Elske Schotanus en He...

Lees meer

De skriuwers Elske Schotanus en Hein Jaap Hilarides hâlde in koarte lêzing oer harren wurk.

zaterdag 02 oktober 2021 / 15:00
15.00 oere yn Lewinski, Snits (ynrin fan 14.30 oere ôf).
Gratis yntree.
Oarloch en boogiewoogie mei Elske Schotanus en Hein Jaap Hilarides. De skriuwers Elske Schotanus en Hein Jaap Hilarides hâlde in koarte lêzing oer harren wurk, lêze foar en sille yn petear mei elkoar en it publyk. De lêzings wurde ôfwiksele mei live boogiewoogie-muzyk troch Hein Jaap Hilarides.
Elske Schotanus publisearre ferline jier de earste Fryske Facebookroman 'De Raven' Yn 2021 ferskynde 'Efter it tried, häftling nû 10039 - Kampsketsen út Amersfoort', in yndrukwekkend, ticht op de hûd fan de tiid skreaun dokumint, dêr’t Reimer van Tuinen as Häftling nû 10039 syn ûnderfinings yn it konsintraasjekamp Amersfoort yn werjout. Elske Schotanus skreau de ynlieding by dizze werútjefte.
Skriuwer en muzikant Hein Jaap Hilarides fertelt oer syn nijste boek 'Beppe Xenia' Yn it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch rint Xenia in âlde leafde tsjin it liif. Dietrich Kleeblatt wurket yn Nederlân foar de SD. De moeting mei Dietrich sil it libben fan Xenia, mar ek fan Freek, bot yn ûnstjoer bringe. Boppedat sil Hilarides yngean op De kraak van de kluis. It ferhaal giet oer de oerfal op it befolkingsregister yn St.-Anne yn 1943. Dy livestream-film wie de ienichste produksje dy't yn it betinkingsjier spile is.

Boeken fan Fryslân organisearret yn oktober sechtjin literêre optredens rûnom troch Fryslân mei fjouwer skriuwersduo's. Sjoch foar mear ynformaasje oer de optredens, data en plakken op www.boekenfanfryslan.frl.

Reserveren noodzakelijk, via Lewinski.nl

Lees minder

Data en tijden

za 2 oktober 2021 : 15:00 - 16:00

Prijzen

Volwassenen : Gratis

overnachten

Bekijk de hotels en bed & breakfasts in de buurt van het evenement.

Waar is het?

Podium Lewinski
Waterhoenstraat 2
8601 XT SNEEK
06 1204 5271
www.lewinski.nl

gratis

Klantenservice

Heb je een vraag? Wij helpen je graag!
Klik hier om je vraag te stellen

Gerelateerde evenementen

Loader