Iepenloftspul Burgum spilet ‘Schindlers List’. 77 jier nei it ein fan de Twadde Wrâldoarloch spilet it ferhaal fan Oskar Schindler, dy’t yn de oarloch 1100 Joaden rêden, him ôf by it âld molkfabryk fan Burgm. De regy en de toanielbewurking binne yn hannen fan Theo Smedes. Wat kinne jo ferwachtsje? ...
Lees meerIepenloftspul Burgum spilet ‘Schindlers List’. 77 jier nei it ein fan de Twadde Wrâldoarloch spilet it ferhaal fan Oskar Schindler, dy’t yn de oarloch 1100 Joaden rêden, him ôf by it âld molkfabryk fan Burgm. De regy en de toanielbewurking binne yn hannen fan Theo Smedes.
Wat kinne jo ferwachtsje? As jo it teater ynkomme dan fiele jo de sfear fan De Twadde Wrâldoarloch. As taskôger komme jo tichtby it gefoel om in Schindler joad te wêzen yn Krakau.
Der sille sênes wêze, wer by jo de eachen wol even ticht knipe wolle. It is toaniel mar wol wier bard.
Wy tinke dat it stik net geskikt is foar jonge bern.
Fanwege grutte belangstelling spilet Iepenloftspul Burgum, op tongersdei 19 maaie 2022, in ekstra foarstelling fan Schindlers List. Njonken dizze ekstra foarstelling binne der allinich noch kaarten foar de try-out op tiisdei 3 maaie 2022. Kaarten binne te keap op www.iepenloftspul.nl.
di 3 mei 2022 | : 21:00 - 22:30 |
---|
Toelichting: 3 mei try-out, 11 en 19 mei extra voorstelling
Normaal | Voorverkoop | |
---|---|---|
Volwassenen | : € 22.00 | € 22.00 |
Voorverkoop: https://www.iepenloftspul.nl/kaarten-bestelle/.
Voormalige Melkfabriek
9251 GB BURGUM