geannuleerd

Suite Hotel

27 november, Café The Point in BUITENPOST

Inloggen

Log in om je favoriete evenementen en gekochte tickets op te slaan in je VanPlan account.

Registreren VanPlan

Nog geen account? Maak je VanPlan account aan

Account aanmaken
Ga terug naar de homepagina

Hotel Suite: 1 hotelkeamer - 3 ferhalen - 8 spilers. Trije prachtige akten út “Suite Hotel” fan Neil Simon yn in Fryske oersetting fan Gurbe Dijkstra. Spilers Remco de Poel, Frouke Holtrop, Dagmar Kingma, Dictus Benedictus, Anneke Nieuwenhuis, Jella Kingma, Wiesje Kloosterman en Iebe Bouma. De regy...

Lees meer

Hotel Suite: 1 hotelkeamer - 3 ferhalen - 8 spilers. Trije prachtige akten út “Suite Hotel” fan Neil Simon yn in Fryske oersetting fan Gurbe Dijkstra. Spilers Remco de Poel, Frouke Holtrop, Dagmar Kingma, Dictus Benedictus, Anneke Nieuwenhuis, Jella Kingma, Wiesje Kloosterman en Iebe Bouma. De regy fan dizze trije hotelsênes is yn hannen fan Henk Roskammer en Lodewyk Riedhorst.

Yn akte 1 sjogge wy it stel Marvin & Milly én in jong frommiske. Marvin en Milly binne nei de sted kaam foar in famyljefeest. Marvin is syn frou foarútgong en hat al in nacht yn it hotel sliept. At hy de oare moarns wekker wurdt fynt hy in jong frommiske yn syn bêd. It famke is folslein fan’e wrâld, net wekker te krijen, en frou Milly is op kommendewei. Marvin hat in soad út te lizzen …..

Yn akte 2 komt it publyk yn’e kunde mei Grace, Djoke en Simon. Aktrise Djoke is mei har assistinte Grace ek delstrutsen yn it hotel. Sy binne yn ôfwachting fan de komst fan Simon. Simon en Djoke wienen in echtpear mar Simon fûn in oare relaasje en sit al jierren op in Gryks eilân. De reden fan syn kommen nei it hotel blykt mear te wêzen dan efkes dach sizze ….

Yn de 3e en lêste akte krijt it publyk miskien it gefoel dat se sit te sjen nei de fideoklip fan “Kom uit de bedstee mijn liefste”. Egbert Douwe (pseudonym fan Rob Out fan Veronica) besjongt yn dizze hit út 1968 hoe’n argewaasje it jout at de breid mar net foar it ljocht komme wol flak foar de houliksseremony. Yn alwer deselde hotelkeamer sjogge wy it echtpear Ruurd en Nynke wrakseljen mei harren dochter én breid Minke dy’t ek net fan doel is om de trouambter op te sykjen. Grutte fraach is oft har oansteande Bonne hjir wol yn slagje sil ……

Kaartferkeap allinnich oan'e doar.

Zaal open 19.00 uur

Lees minder

Links

Data en tijden

za 27 november 2021 : 20:00 - 24:00 ( geannuleerd )

Prijzen

Volwassenen : € 12.00
Kinderen : € 5.00 (t/m 17 jaar)

Toelichting: leden 5 euro.

overnachten

Bekijk de hotels en bed & breakfasts in de buurt van het evenement.

Waar is het?

Café The Point
Voorstraat 56
9285 NT BUITENPOST
0511 541580

€ 12,00

Klantenservice

Heb je een vraag? Wij helpen je graag!
Klik hier om je vraag te stellen

Gerelateerde evenementen

Loader