Tamara Schoppert / Tryater - BINGO!

24 februari 2023, MFA Mejander in OLDEBERKOOP

Inloggen

Log in om je favoriete evenementen en gekochte tickets op te slaan in je VanPlan account.

Registreren VanPlan

Nog geen account? Maak je VanPlan account aan

Account aanmaken
Ga terug naar de homepagina

Monoloog. Tine liedt de bingo yn in buerthûs. Se komt hjoed te let. Tine ferûntskuldiget har en begjint ûnbedoeld oer har krekt stoarne mem, mei wa’t se al tsien jier gjin kontakt hie. Niis seach se har âlderlik hûs en ûntduts hoe suterich har mem blykber wenne. Wylst Tine har bêst docht om op fleu...

Lees meer

Monoloog.

Tine liedt de bingo yn in buerthûs. Se komt hjoed te let. Tine ferûntskuldiget har en begjint ûnbedoeld oer har krekt stoarne mem, mei wa’t se al tsien jier gjin kontakt hie. Niis seach se har âlderlik hûs en ûntduts hoe suterich har mem blykber wenne. Wylst Tine har bêst docht om op fleurige wize de bingo ta in goed ein te bringen, analysearret se de relaasje mei har mem. Dy stiet ynienen yn in hiel oar ljocht. Hie se mear sjen moatten, wat oars dwaan kinnen? Se freget it har lûdop ôf. En dan ropt ien: ‘Bingo!’

By BINGO! sitst mei dyn bakje kofje of tee en in bingokaart mei oaren oan in tafel. By it bekende spul mei de nûmere baltsjes wurdst meinaam nei Tine har jeugd. Flak foar en tusken de tafels troch spilet Tamara Schoppert dizze troch Herman van de Wijdeven skreaune teatertekst. En wannear’t de priis wûn is, sjocht elkenien elkoar ris goed oan en drinkt noch in bakje kofje of tee mei elkoar.

Oanfang: 20.00 oere
Tagongsprizen: € 17,50 (regulier), € 15,50 (Freonen van Tryater), € 12,50 (scholieren/studenten)

BINGO! is ûntwikkele op inisjatyf fan Stichting Platform Armoede en Schulden Fryslân (PAS.frl) troch teaterkollektyf Ploech & Eide en spile earder dit seizoen yn in Nederlânsktalige ferzje op Festival Overmorgen fan de Fryske teaters. Tryater hat it stik oer earmoed en iensumheid omearme en bringt de Frysktalige ferzje nei ferskate lokaasjes yn Fryslân. De foarstelling is ek geskikt foar wa’t net fan it bingo-spul hâldt.

Lees minder

Links

Data en tijden

vr 24 februari 2023 : 20:00 - 23:00

Prijzen

Volwassenen : € 17.50

Waar is het?

MFA Mejander
Willinge Prinsstraat 24
8421 PE OLDEBERKOOP