We strûpe derûnder

25 september t/m 26 september, Museum Warten in WARTEN

Inloggen

Log in om je favoriete evenementen en gekochte tickets op te slaan in je VanPlan account.

Registreren VanPlan

Nog geen account? Maak je VanPlan account aan

Account aanmaken
Ga terug naar de homepagina

Museum Warten - Lêzersreuny We strûpe derûnder 25 en 26 sept. 9.30 - 17.00 oere, Hellingpaed 3-9 Warten û.o. preamtochten en potstro. Museum Warten y.g.m. Gjalt de Groot - Lêzersreuny ‘We strûpe derûnder’. Al skoften binne bestjoer en frijwilligers dwaande om sinten by-inoar te swyljen foar it grut...

Lees meer

Museum Warten - Lêzersreuny We strûpe derûnder 25 en 26 sept. 9.30 - 17.00 oere, Hellingpaed 3-9 Warten û.o. preamtochten en potstro.

Museum Warten y.g.m. Gjalt de Groot - Lêzersreuny ‘We strûpe derûnder’.
Al skoften binne bestjoer en frijwilligers dwaande om sinten by-inoar te swyljen foar it grut ûnderhâld fan Ryksmonumint de Ald Fryske Greidbuorkerij. Want om stipe te krijen, moat Museum Warten earst sels mei aardich wat jild op it kleed komme.
In ploechje Wartensters hat dit foarjier de heakape al flink ûnder hannen naam. Mei tank oan dizze mannen stiet er der wer kreas foar en kin er wer jierren mei!
Mar no is de buorkerij oan bar! Dêrom organisearret Museum Warten yn grutte gearwurking mei skriuwer Gjalt de Groot in barren yn de foarm fan in Lêzersreuny nei oanlieding fan it sukses fan Gjalt syn boek ‘We strûpe derûnder’. Mar foaral ek om de ferhalen en fragen dy’t it losmakke bij tal fan lêzers, dit barren by en yn de Greidbuorkerij en de fiskerskeamer fan it Earmhûs te Warten.
Dizze dagen is oan it Hellingpaed 3-9 fan alles te beleven! Der wurde netten en foeken taant yn de grutte taantsjettel. Op in pear âlde kachels binne manlju oan it fiskbakken en Gjalt stiet der te ielrikjen - sa waarm út de tonne binne se ommers op harren lekkerst! Woest altyd alris witte hoe as potstro of grauwe earten mei bret spek smakket? Dizze dagen kinst it priuwe!

Ek binne der preamtochten lâns Luctor et Emergo, Cuba, Sytze en Maaike-hússtee en al dy oare pleatsen dy’t yn it boek neamd wurde. Underweis is der kofje as tee.
Wolst meifarre, dan is it saak om dy yntiid op te jaan, want fol is fol! Kosten foar de preamtocht binne E 10,-- en we stekke dizze dagen op meardere tiden fan wâl. Opjefte fia anneheegstra@gmail.com of 06 4697 6428.
Hiel graach oant sjen op 25 as 26 septimber o.s. op it Hellingpaed 3-9 te Warten.

Beide dagen is der fan alles tsjin ferskillende prizen te dwaan. De preamtochten binne E 10,-- p.p. Potstro of grauwe earte E 5,-- p.p. en sa mear.

Lees minder

Links

Data en tijden

za 25 september 2021 : 9:30 - 17:00
zo 26 september 2021 : 9:30 - 17:00

Prijzen

Volwassenen : € 10.00

overnachten

Bekijk de hotels en bed & breakfasts in de buurt van het evenement.

Waar is het?

Museum Warten
Hellingpaed 3-7 en 9
9003 MT WARTEN
058 2552546

€ 10,00

Klantenservice

Heb je een vraag? Wij helpen je graag!
Klik hier om je vraag te stellen

Gerelateerde evenementen

Loader